Boalsert yn finale Freule

In keatser fan Bitgum (foto KNKB)
De earste finalist fan de Freule yn Wommels is bekend. It is Boalsert. Dit partoer mei Hendrik Bouwhuis, Willem Siebe Hilverda en Peter van Zuiden wie yn it foar al ien fan de favoriten. Se wûnen yn de fjirde omloop fan Sint Jabik mei 5-3 en 6-0.
Se moatte it opnimme yn de finale tsjin de winner fan de wedstriid tusken it partoer fan Sint Anne en dat fan Bitgum.