Boys net bliid mei tv-kontrakt
Fuotbalklup Harkemase Boys is net bliid mei it televyzjekontrakt foar de nije topklasse. It kontrakt mei produksjebedriuw Eyeworks smyt de klup gjin jild op en der moat in grut part fan de boarding ôfstien wurde foar sponsors fan bûten.
Ek is der gjin garânsje foar it programma dat útstjoerd wurdt troch RTL. RTL soe der sa mei ophâlde kinne. Omrop Fryslân mei de bylden allinnich útstjoere as se der foar betelje. De topklasse begjint op 21 augustus.