Aktrise Manon Alving stoarn
Aktrise Manon Alving út Fryske Peallen is it ôfrûne wykein ferstoarn. Se waard bekend as artistyk lieder fan toanielgroep Noorder Compagnie, dat letter bekend waard as it Noord Nederlands Toneel.
Alving spile yn bekende searjes as De Aanslag, Medisch Centrum West en Baantjer. Alving is 87 jier wurden.