Weening bliuwt by Raboploech

11 aug 2010 - 14:31

Hurdfytser Pieter Weening rydt ek takom seizoen foar de Rabobankploech. Dat is woansdei oerienkaam. Neffens ploechlieder Erik Breukink mei Weening weromsjen op in goed seizoen ek al hie er blessueres. Hy hie in goed foarseizoen en ried in goede Ronde fan Italië yn tsjinst fan Bauke Mollema wylst er sels yn de top 25 einige.

Breukink hopet dat Weening takom jier sa fierder giet. Dit seizoen is oer nei't Weening de skouderbonke bruts yn de Ronde fan Burgos.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)