DNA-útslach freed ferwachte

11 aug 2010 - 14:27

Freed wurdt de útslach ferwachte fan it DNA-ûndersyk nei de fjouwer deade poppen yn Nij Beets. Neffens in wurdfierder fan justysje moat dan antwurd komme op de fraach oft de fertochte fan de babymoard, Sietske H., de mem fan de fjouwer bern is.

By de hûssiking, tiisdei yn it hûs oan de Van Eedenstrjitte yn Nij Beets, hat justysje ferskate saken meinaam. De wurdfierder koe net sizze oft it om deiboeken en oare oantekens gie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)