Twadde Freulelist ferkeatst

De twadde list yn Wommels is ek ferkeatst. Op de tredde list fan de Freule steane de folgjende 12 partoeren tsjin elkoar: Easterein tsjin Bitgum, Reahûs/Turns tsjin Seisbierrum/Pitersbierrum, Eanjum tsjin Sint Anne, Tsjummearum tsjin Harns, Wommels tsjin Boalsert en Gaast/Ferwâlde tsjin Sint Jabik.
It is al bekend dat op de fjirde list it partoer fan Bitgum keatse sil. Dêryn sitte Remko van der Vlugt, Tjisse Steenstra en Simon Hoogland.