Opskuor oer column Feanster
In column fan in riedslid yn De Feanster soarge foar in soad kommoasje yn Achtkarspelen. Hoeke de Jong fan Gemeente Belangen hie in stik skreaun oer it strange tafersjoch fan de oerheid. De oerheid soe bedriuwstakken kapot meitsje. Mar boppe de column stie as kop 'kapo' en net 'kapot'.
In soad minsken assosjearden 'kapo' mei de oarloch. In kapo wie in finzene dy't yn konsintraasjekampen tafersjoch hâlde op oare finzenen. It wie net De Jong syn bedoeling.
Trefwurden:
argyf