Fryske silers dogge it goed

11 aug 2010 - 10:50

It giet goed mei de Fryske silers by wedstriden op it Olympyske wetter fan Weymouth yn Ingelân. Marit Bouwmeester stiet nei fjouwer races yn de Laser Radial klasse noch hieltyd earste yn it klassemint. Sy sylde tiisdei op de twadde dei nei in sande en in earste plak. Yn de Finn klasse is Pieter Jan Postma opklommen nei it twadde plak.

Brechtje van der Werf kaam mei har ploechgenoaten by it matchracen net yn aksje. Mar sy ha noch gjin wedstryd ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)