Undersyk nei plan huzebou

11 aug 2010 - 10:13

It Amelân docht yntern ûndersyk nei in amtner dy't as priveepersoan tsjin de gemeente prosedearret. Twa eilanners wolle neist it hûs fan de amtner huzen bouwe. It bestimmingsplan moat oanpast wurde. Ien fan de inisjatyfnimmers fan de wenningbou is in goede partijgenoat fan wethâlder Bakema dy't oer romtlike oardening giet.

Neffens de amtner soe der sprake wêze fan belangeferstrengeling. Hy is nei de Raad van State stapt. Dy docht oer twa wike útspraak yn de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)