Freule is útseinset

11 aug 2010 - 09:57

Foar de 108ste kear is woansdei yn Wommels de Freule begûn. It is de wichtichste keatswedstryd foar jonges tusken de 14 en 16 jier.

Ferline wike waard yn Frjentsjer de PC keatst. Doe wiene der grutte problemen mei it fjild troch de rein. Ek fannacht hat it flink reind. It fjild yn Wommels leit der goed by. Dit jier dogge 47 partoeren mei. Dat is in tal minder as ferline jier. Favoryt binne de partoeren fan Sint Anne en Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)