Mooglik nammen foar deade bern

De kâns is grut dat de fjouwer ferstoarne poppen út Nij Beets noch in namme krije moatte. Dat seit fice-foarsitter Simon Rijsdijk fan de Nederlandse Vereniging voor Burgerzaken. Neffens him moat earst ûndersocht wurde of de berntsjes libbend berne binne.
Mocht dit sa wêze, dan moatte se in namme krije. Dat kin dien wurde troch de mem en as dy dit net dwaan wol dan moat boargemaster R