Fiering 75 jier Snitswike

De Snitswike
De Snitswike begûn eins al yn 1814 mei in syltocht fan Snits nei De Jouwer. Om Jacob Sjoukes Visser op te heljen, dy wie deserteard út it Frânske leger. It is lang om let útgroeid nei in hiele wike sile. De Snitswike, sa as we dy no kinne, bestiet 75 jier. Tiisdei wie der in reüny. En dat koe mar op ien plak: de Snitsermar.
Bestjoersleden en panskippers praten by en hellen ferhalen op oer eartiids. Yn 1851 waard de KZS, Keninklike Sylferiening Snits, oprjochte.