Kolleksje Fries Museum op foto

Fotograaf Frank van der Pol oan it wurk
It nije gebou op it Saailân stiet der pas oer trije jier, mar dochs is it Fries Museum al fan start gien mei it ûntmanteljen fan guon permaninte eksposysjes. Om fêst te lizzen hoe't it der no útsjocht is fotograaf Frank van der Pol dwaande om alles oant yn detail op de gefoelige plaat te setten.
Hy is op dit stuit oan it wurk yn it Eysingahûs. Yn dit histoaryske gebou, tsjinoer de Kanselarij, binne de stylkeamers ynrjochte. Alles, mar dan ek alles wurdt op de foto setten.