Santjin sierdowen stellen
Ut in hok achter in wenning oan de Samuel van Haringhouckstrjitte yn Boalsert binne 17 sierdowen stellen. De eigner ûntduts dit doe't hy werom kaam fan fakânsje. Twa jonge dowen binne yn de hokken achterlitten. Dy binne der min oan ta.
De eigner sels is bot oandien troch it foarfal. De Iraanske sierdowen hawwe in wearde fan sa'n fjouwertûzen euro.