Wer ûndersyk yn Nij Beets

10 aug 2010 - 12:04

Der wurdt tiisdei wer ûndersyk dien yn it hûs oan de Van Eedenstrjitte yn Nij Beets. Neffens parse-offisier Henk Mous giet it om fierder ûndersyk nei de moard op de fjouwer poppen.

It is neffens justysje fan belang om it saneamde tiidspaad fêst te stellen. Dat is in beskriuwing fan wat op wat foar momint gebeurd is. Mous koe net befestigje oft de tún ek yn it ûndersyk belutsen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)