Harns wol Sail yn 2014
Harns wol yn 2014 graach gasthaven wurde foar de Tall Ship Races, de saneamde Sail. De gemeente hat in bidbook ynlevere by de organisaasje fan it grutte sylskipevenimint. Hjiryn stiet wat Harns allegearre te bieden hat.
Der is ek in promoasjefilmke makke. Yn oktober wurdt bekend of Sail yn 2014 nei Harns komt.