Soad diskusje nije dyk Amelân

10 aug 2010 - 10:32

Wethâlder Nico Oud fan It Amelân seit dat hy better de rezjy fiere moatten hie as it giet om de oanlis fan de fernijde Ridderwei tusken Hollum en Ballum. Hy sei dat moandei by de riedsfergadering op it eilân. Der is in soad diskusje oer de nije dyk, dy't 20 sentimeter smeller is as bedoeld.

De asfaltlaach is 4 meter 80 breed yn stee fan 5 meter. Ek sitte der op 25 plakken oan de sydkanten skuorren yn de dyk en is de ferkearssituaasje net feilich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)