Langwar taret op Snitswike

Haven fan Langwar
Undernimmers yn Langwar wolle ôf fan it minne imago op de earste moandei fan de Snitswike. It publyk giet dan massaal nei it doarp ta om dêr feest te fieren. De lêste jierren rûn it bot út de hân en dus ha de hoareka en de gemeente Skarsterlân de hannen ynienen slein.
In grut feest yn it sintrum fan it doarp. Moandei oan it begjin fan de jûn wie it al goed drok yn it wettersportdoarp.