Johan v.d. Meulen nei België

© Omrop Fryslân
Johan van der Meulen sil kommend seizoen keatse yn België. De 26 jierrige opslagger út Damwâld tekenet tongersdei in kontrakt mei de klup Ninove. Ninove komt út yn de twadde Nasjonale Kompetysje.
Dat is it ien nei heechste nivo yn België. Van der Meulen is in betûft pelote spiler. Hy makket al sûnt 2002 diel út fan de ynternasjonale seleksje. Yn Fryslân hie de PC kening fan 2007 de lêste twa jier minder súkses.