Seizoen Pieter Weening is oer

09 aug 2010 - 18:56

It seizoen fan Pieter Weening is oer. De hurdfytser fan De Harkema foel dit wykein yn de Ronde fan Burgos. Moandei hat yn in sikehûs yn Amersfoort bliken dien dat syn skouderbonke stikken is.

In operaasje is wol mooglik mar omdat de brek op in raar plak sit hat Weening it advys krigen om rêst te nimmen. Dat betsjut dat hy oer trije wike net starte kin yn de Ronde fan Spanje en dat syn seizoen der op sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)