Fryske nôt stiet der bêst foar

09 aug 2010 - 16:37

It ekstreme waar yn East-Europa en dan foaral yn Ruslân is goed nijs foar de Fryske bouboeren. De mislearre Russyske risping soarget foar hege prizen. Gefolch is dat Frânske en Dútske bouboeren har dan minder rjochtsje op sipels en jirpels. En dat binne produkten dy't de Fryske boeren in soad ferbouwe.

Wat úteinlik de gefolgen wêze sille foar bygelyks de bôleprizen is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)