Maatregels foar Freule-fjild

09 aug 2010 - 16:14

Om woansdei by de Freule yn Wommels problemen mei it keatsjild foar te kommen sil by heftige rein it perk en de opslach ynpakt wurde yn plestik. Dy maatregel wurdt naam, omdat der foar de kommende dagen in soad rein ferwachte wurdt. Oan de sydkanten komme pompen te stean, dy't it oerstallige wetter ôffiere moatte.

It bestjoer fan de keatsferiening wol sa problemen as by de PC yn Frjentsjer fan ôfrûne wike foarkomme. De fjilden yn Wommels lizze der no noch moai by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)