Terpstra mooglik út it CDA

09 aug 2010 - 11:51

CDA-prominint Doekle Terpstra seit syn lidmaatskip fan de partij op as it kongres ynstimt mei it regearakkoart. Hy sei dat moandei yn in ynterview op Radio 1. It CDA sil in ekstra kongres hâlde dêr't de leden har útsprekke kinne oer in regearakkoart tusken CDA, VVD mei stipe fan PVV.

Terpstra is benaud dat it gedachteguod fan it CDA ferkwânsele wurdt. Hy tinkt dat de kâns dat de trije partijen ta in akkoart komme boppe de 50 persint leit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)