Putsjeman foar Snitswike-folk

09 aug 2010 - 11:16

Wettersporters kinne by de Snitswike fergees gebrûk meitsje fan in putsjeman. It inisjatyf komt fan fersekerder FBTO. De putsjeman hat in wetterskooter en in rêchsek fol helpmiddels.

Hy kin helpe by knapte linen, lekke luchtbêden en losrekke ûnderdielen. Boppedat hâldt hy it yllegaal loazen fan ôffal en it feroarsaakjen fan lûdsoerlêst yn de gaten. Gefaarlik farren wurdt troch de putsjeman melden by de wetterplysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)