Lisplak Waad op ynternet boeke
In nij meld- en ynformaasjesysteem foar boatsjefarders dy't nei de haven fan Tessel wolle, wurket sa goed dat it fan takom simmer ôf nei alle gedachten ek op de Fryske waadeilannen te brûken is.
Mei dat nije systeem kinne boatsjefarders harren komst oankundigje. Sa foarkomme se dat se oankomme yn in haven dêr't gjin plak mear is. Dat wurket sa goed, dat ek de Fryske waadeilannen soks brûke kinne.
Trefwurden:
argyf