Weening brekt skouderbonke

08 aug 2010 - 20:48

Hurdfytser Pieter Weening is snein yn de lêste etappe fan de Ronde fan Burgos fallen. Dat barde yn de ôfdaling fan de foarlêste beklimming op in plak mei in protte losse stientsjes. Weening bruts dêrby syn skouderbonke en koe fierder fytse wol ferjitte.

Moandei sil er yn Nederlân yn it sikehûs ûndersocht wurde. Dan wurdt ek dúdlik oft Weening oer trije wike starte kin yn de Ronde fan Spanje. Dy begjint op sneon 28 augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)