DNA moat dúdlikheid jaan

It NFI, it Nederlânsk Forensisch Instituut, nimt DNA ôf fan de fjouwer deade poppen om wis te wêzen dat de 25-jierrige frou fan Nij Beets de mem is. Ek moat út dat DNA-ûndersyk dúdlik wurde oft it giet om ien of mear ferwekkers fan de poppen.
Pas as de útkomsten fan dat ûndersyk bekend binne, sil it Iepenbier Ministearje besjen oft mear minsken DNA ôfstean moatte. Dat seit parse-offisier Henk Mous fan justysje.