PC-winners earste yn Menaam

08 aug 2010 - 17:09

De finale fan de frije formaasjepartij om de Gouden Willems yn Menaam gie tusken Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Chris Wassenaar en de PC-winners Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. It partoer fan Gert-Anne van der Bos wûn de spannende finale op 5-4 en 6-6. De opslagger út Holwert makke de partij út mei in prachtige sitbal.

De lytse preemje wie foar Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma. Gert-Anne van der Bos waard kening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)