Berltsumer slacht frou

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige man út Berltsum is sneontenacht troch de plysje oppakt omdat er yn syn wenplak in 24-jierrige frou fan De Rottefalle slein hawwe soe. Ek soe de man har omfytst hawwe. Beiden binne bekenden fan elkoar.
De frou ferklearre oan de plysje dat se net wist wêrom't de Berltsumer har slein hie. Troch de mishanneling rûn de frou in blau plak op har jokbonke op en in skram op har side. De man is troch de plysje ynsletten.