Ljepperij falt yn it wetter

08 aug 2010 - 14:44

De finale fan de jubileumwedstriid, 50 jier Polsstokbond Holland, yn Linschoten gie sneon mar foar in part troch yn ferbân mei de rein. De sprongen fan de twadde foarronde waarden no brûkt foar de einútslach. By de senioaren wûn Jaco de Groot mei 19.29 meter. Ysbrand Galama waard twadde mei 19.18 meter. Op it tredde plak einige Bart Helmholt 18.66 meter.

Hans Ulco de Boer wûn it by de junioaren 17.62 meter. By de jonges waard Tom Hoekstra fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)