Eilân-5-daachse set útein
Yn Harns begjint snein de eilânfiifdaachse. Dat is in kuiertocht lâns alle fiif de Waadeilannen. It is foar it earst dat de tocht lâns alle eilannen giet. Seis skippen fan de brune float bringe snein fanút Harns sa'n 140 kuierders nei Tessel om dêr te kuierjen.
Op de dagen dêrnei folgje Flylan, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach. De eilânfiifdaagse slút oan by de kuiertochten oer de strannen yn Seelân en Noard-Hollân
Trefwurden:
argyf