Elma de Vries brûns op maraton

08 aug 2010 - 02:49

Elma de Vries hat op de lêste dei fan it EK skeelerjen yn Italië brûns helle op de maraton. De âld-Haulster moast it ôflizze tsjin de Dútske Sabine Berg en de Italiaanske Laura Lardani.

Earder yn dit Europeesk kampioenskip helle Elma de Vries sulver op de 15 kilometer ôffalkoers op 'e dyk en ek sulver mei de ôflossingsploech mei Bianca Roosenboom en Manon Kamminga fan Haulerwyk. Crispin Ariëns fan It Hearrenfean helle sulver op de 10 km puntekoers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)