Theo Pijper twadde op EK
Theo Pijper is sneontejûn twadde wurden op it Europeesk kampioenskip gersbaanracen yn it Frânske La Reole. Pijper kaam troch winst yn de B-finale yn de grutte A-finale. Yn dy A-finale wie de Brit Andrew Appleton krekt as yn de searjes te sterk.
Jannick de Jong kaam ek troch de B-finale yn de Europeeske einstriid. Hy waard fiifde. Dirk Fabriek helle de A-finale krekt net. Hy waard sânde yn de einstân. Jeffrey Woortman waard trettjinde.
Trefwurden:
argyf