Hearrenfean ferliest fan PSV

07 aug 2010 - 23:58

SC Hearrenfean hat de earste kompetysjewedstriid tsjin PSV mei 3-1 ferlern. Yn it Abe Lenstra stadion wie de thúsploech yn de earste helte better, mar it alvetal fan trainer Ron Jans helle te min út in tal kânsen.

Nei it skoft kaam PSV troch Ola Toivonen op foarsprong nei balferlies fan Mika Väyrynen. Milan Kopic makke tsien minuten letter de fertsjinne lykmakker. Toivonen mei in prachtskot en Orlondo Engelaar yn de ekstra tiid soargen foar de winst fan PSV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)