Soad folk iepen dei Cambuur

07 aug 2010 - 17:56

Sa'n 4500 minsken kamen sneon ôf op de jierlikse iepen dei fan Sportklup Cambuur. Foar Cambuur is it altyd in wichtige dei, omdat der faak ekstra seizoenkaarten ferkocht wurde. De kompetysje begjint foar de Ljouwerters takom wike mei in útwedstriid tsjin Dordrecht. De earste thúswedstriid is in wike letter tsjin Emmen.

By de iepen dei sneon koene bern, âlders, pakes en beppes op jacht nei hântekeningen fan alle spilers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)