Skûtsje Hearrenfean huldige

07 aug 2010 - 15:03

Op It Hearrenfean is om twa oere sneontemiddei de bemanning fan it Hearrenfeanster skûtsje huldige. It skûtsje waard freed kampioen fan it SKS-skûtsjesilen. De Jouwer waard twadde, folge troch Snits.

Foar de huldiging fear it skûtsje troch It Fean hinne. Dêrnei lokwinske boargemaster De Jonge de bemanning mei de oerwinning. De huldiging duorret noch oant fjouwer oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)