Yn Britsum ek airbags stellen
Op 'e nij binne der airbags stellen. Freedtenacht binne der yn Britsum twa airbags stellen út in auto oan it Sillân. Earder dizze wike waarden út fiif parkearde auto's yn Wergea en Reduzum airbags stellen.
Oer it hiele jier sjoen giet it om tsientallen airbags út auto's yn de hiele provinsje.