Man dielt kopstjitten út

07 aug 2010 - 13:22

In 20-jierrige man út Rinsumageast is freedtejûn yn Nes op It Amelân oanhâlden foar mishanneling. De man krige op de Mr. Janszenstrjitte spul mei trije mannen. Twa fan har krigen fan de man in kopstjit, de tredde in klap.

De man is nei it plysjeburo brocht. Wêrom't de mannen rûzje krigen is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)