Maletic net nei Cambuur

06 aug 2010 - 22:25

Stefan Maletic krijt gjin kontrakt oanbean fan Cambuur. De sintrale ferdigener die freedtejûn op proef mei yn de wedstriid tsjin Veendam. Maletic, berne yn Servië en opgroeid yn Nederlân, koe de technyske stêf fan Cambuur net oertsjûgje.

Maletic spile mar ien helte mei en doe wie dúdlik dat hy net de sintrale ferdigener is dy't Cambuur siket. De Ljouwerters sykje fierder. Der moat ek noch in linksback komme neffens trainer Stanley Menzo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)