Undersyk nei brân De Triemen

© Omrop Fryslân
De resjerzje ûndersiket in brân yn in wenning oan De Dolle yn de Triemen. Goed twa wike lyn waard brân stiften by de wenning. Op dat stuit leine in frou en har trije bern te sliepen op de earste ferdjipping. Omdat de mem wekker waard koene se op tiid fuort komme, mar neffens de plysje hie dit hiel oars ôfrinne kinnen.
Tsjûgen wurde oproppen har te melden. De dieder of dieders sil brânstifting en poging ta moard of deaslach ten leste lein wurde.