Frou yn shock troch ynsektebyt
In frou út Wije yn Gelderlân is freedtemiddei yn Lies op Skylge yn shock rekke neidat se biten wie troch in ynsekt. It die bliken dat de frou in auto-ymmún-sykte hat. Dêrtroch reagearre se hiel heftich op de ynsektebyt.
Ambulânsepersoniel hat de frou earst behannele. Dêrnei is se mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
Trefwurden:
argyf