Wikel wol ophelbrêge werom

06 aug 2010 - 17:05

Wikel krijt der in nije kulturele attraksje by. It histoarysk wurkferbân Wikel wol yn it Menno van Coehoorn-bosk in âlde ophelbrêge en teehûs neimeitsje. De brêge wie earder de tagongspoarte nei it bûtenferbliuw van Menno van Coehoorn.

It stoflik omskot fan Van Coehoorn leit yn de tsjerke. Dat lûkt in soad toeristen. Mei de brêge en it teehûs yn de bosk moat der in kulturele kuier troch it doarp komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)