Roorda werom yn Jong Oranje

06 aug 2010 - 15:30

Geert Arend Roorda sit nei trije jier werom yn Jong Oranje. Hy is ien fan de 18 spilers dy't troch bûnscoach Cor Pot oproppen is foar de ynterlân tsjin Liechtenstein op 11 augustus. Deryl Janmaat en oanfaller Bas Dost fan Hearrenfean sitte ek by de seleksje.

Roorda waard yn it ferline ûnder Foppe de Haan geregeld oproppen foar Jong Oranje, mar sûnt trije jier rekke hy út byld troch blessueres. Under Pot is it de earste kear dat Roorda in oprop krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)