Mooglik bernemoard Nij Beets

De Van Eedenstrjitte yn Nij Beets (foto Omrop Fryslân)
In 25-jierrige frou út Nij Beets wurdt fertocht fan moard op har bern, dy't tusken 2002 en begjin 2010 berne binne.
De Van Eedenstrjitte dêr't de frou wennet stiet op dit stuit fol mei buskes fan de resjerzje dy't de saak ûndersiket. It Iepenbier Ministearje jout freedtemiddei yn in parsekonferinsje mear ynformaasje oer dizze saak. De boargemaster fan Opsterlân is dêr ek by.