Tipjild foar dumpte geiten

06 aug 2010 - 11:33

De gemeente Kollumerlân siket de persoan dy't tongersdei twa geiten dumpt hat oan de Kwelderwei yn Kollumerpomp. Tsjûgen seagen dat der út in wyt buske twa geiten oan de dyk setten waarden. It giet om in bok en in drachtige dwerchgeit. Se binne nei de skutstâl yn Dokkum brocht.

De behearder stelt jild beskikber foar de tip dy't nei de eigner liede kin. Dy krijt dan in bekeuring. De geiten bliuwe 2 wike yn de stâl. As de eigner se net ophellet wurde se ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)