Lemster hurdfarder oppakt

06 aug 2010 - 10:15

De plysje hat tongersdei mei in soad muoite in 32-jierrige man fan De Lemmer oanhâlde kinnen. De man wie by syn wenplak betrape op te hurd farren.

By syn oanhâlding fersette de man him bot, hy moast dêrom yn de boeien slein wurde. Hy wegere mei te wurkjen oan in blaastest. Dy woe de plysje ôfnimme omdat it fermoeden bestie dat de man tefolle dronken hie. Uteinlik die op it buro út in bloefproef bliken dat dat sa wie. De man hat in proses-ferbaal foar de oertredings krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)