RTL: minder oerfallen Fryslân

06 aug 2010 - 06:45

It tal oerfallen yn Fryslân leit yn de earste helte fan dit jier leger as yn de earste seis moannen fan 2009. Dat docht bliken út sifers fan RTL Nieuws. Yn de earste helte fan 2009 wiene der 19 oerfallen yn ús provinsje, it ôfrûne healjier 17.

Fryslân docht it better as de oare noardlike provinsjes. Yn Grinslân gie it oantal oerfallen flink omheech, yn Drinte bleau it gelyk. Lanlik sjoen wiene der gemiddeld seis prosint minder oerfallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)