Fries yn Mister Gay-ferkiezing

05 aug 2010 - 21:08

De 18-jierrige Bas Roep út Drachten stiet freedtejûn yn de finale fan de Mister Gay Verkiezing yn Amsterdam. Dizze ferkiezing is alle jierren en wurdt hâlden op de Gay Pride yn Amsterdam. Der stean tolve manlju yn de finale. Roep is de iennichste Fries dy't meidocht.

De winner fan de ferkiezing docht mei oan de Mr. Gay Europe ferkiezing yn Genève, letter dit jier. Dêrneist is er in jier lang ambassadeur fan de homo-emansipaasje yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)