Bern azc nimme ôfskied
De measte bewenners fan it asylsikerssintrum yn Appelskea binne ferhuze. Op 17 septimber moat it sintrum ticht. Foar de 500 bewenners betsjutte dat de ôfrûne wiken dat se ferhúzje moasten.
Guon gesinnen sitte noch wol op it azc. Bern namen tongersdei ôfskied mei in keunstprojekt yn de biblioteek fan Appelskea.