Pamflet foar behâld kultuer

© Omrop Fryslân
Politike partijen yn 'e nije Súdwesthoekegemeente hawwe dizze wike in pamflet yn 'e bus krigen. Dêr binne stellingen op te finen oer kultuer en belied. De stellingen binne opsteld troch it Direkteuren Oerlis Súdwesthoeke. Dêryn binne ferskate kulturele ynstellings fertsjinwurdige.
De kulturele ynstellings yn 'e Súdwesthoeke binne benaud foar in ferskraling fan it kultueroanbod yn 'e nije gemeente.